juni 11, 2017
fan Marc Chagall*
fan ûnbekend**
Wêrom binne party Joaden berne
fier fan hûs, yn ’t bûtenlân,
ha ’t swierder as gewoanwei hân
en moasten mar oan minder wenne?
Wêrom koene sy net wenjen bliuwe
yn ’t beloofde, eigen lân?
Se holden troch ’t geweld net stân
en lieten har as skiep ferdriuwe.
Wêrom ha dy oaren har ferjage,
slimmer noch, de dea yndreaun?
Oerein is sels gjin wente bleaun,
der komt gjin ein oan al dy fragen.
Wêrom moasten sy de wrâld oer swalkje,
oeral hinne, nearne thús,
ferslein, de takomst faak oan grús,
wa hie begrutsjen mei dat folkje?
Dêrom ha sy nei de pogrom nommen
dit beslút: werom nei ’t lân
dêr’t foarfaars holden moedich stân,
se binne yn har wrâld wer kommen.
* Marc Chagall ((1887-1985)
Skilderij ‘It brânende doarp’
** Foto ‘Deaden nei in pogrom’
juni 10, 2017
fan Vincent van Gogh*
Hy moat my sjoen ha doe’t ik siedde,
’k wie krekt klear en seach him stean
mei minsken om him hinne,
neat hold my tsjin om dêr nei ta te gean,
’t wie mar in eintsje rinnen.
It gie yndied oer sie en siedzjen,
mar foar my wie it net nij:
it sie moat yn de ierde,
want op it paad giest oan it doel foarby,
in rots kin ek neat biede.
Wat doe kaam, wie foar elk nijsgjirrich,
’k hie it sels sa nea besjoen:
wy wiene sels de ierde,
it godswurd foel by ús yn goede grûn,
men moat soks ek mar riede…
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘De siedder’