Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rjochtdei foar hoeren

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Der moast in rjochtdei komme
oer Ohola en Oholiba,
de hoeren fan twa stêden;
brutsen hawwe sy de trou
en bloed sit oan har hannen…
hoe soe de folksrie har dan rêde?

Sy ha mei goaden huorke,
slachten harren eigen soannen, sa
ha sy de ôfgod sêde
mei dat bloed en sûnder rou
fersmoargen sy de timpel…
hoe soe de folksrie har dan rêde?

Sy lieten manlju komme
dy’t har lichem yn de pronk set ha
en stiene om de bêden
hinne fan dy hoeren, trou
oan God waard sa ferbrutsen…
hoe soe de folksrie har dan rêde?

Sy binne net te rêden,
want it giet streekrjocht op ’t fonnis ta
fan ’t útrûgjen fan stêden.

* Foto ‘Frou mei bloedhân’



admin

Ferrin fan tiid

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

De bergen stekke fier har toppen út
as skerpe swurden yn de striid
tsjin wolken dy’t mar hingjen bliuwe,
klear om kûgels ôf te sjitten,
sa’t it troch de tiden giet.

Wat minsken boud ha, is hast net te sjen:
’t kastiel mei tuorren dêr’t de top
fan net de hichte fan de bergen
hellet, dy’t sa witte litte:
mei de tiid hâldt dit folk op.

Hoe giet it lykwols mei de djippe mar
dy’t hiel igaal derhinne leit,
gjin skerpe top is te bekennen;
wolken jouwe rynsk it wetter,
troch de tiid in bliuwend feit.

* Foto ‘Forggensee yn Beieren’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum