Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Achtslaan op de ivichheid

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Leech wie de ierde yn ’t begjin,
gjin beam of dier of minske
wie te sjen, de himel seach
mei stjerren op dit ierdryk del
en hie de ivichheid op ’t each.

Dit lânskip wie net it begjin,
mar al miljarden jierren
âld, ôfsliten troch it waar;
de minske libbet mar in tel,
wurdt wol de ivichheid gewaar.

De minske sjocht de fuotprint fan
in prehistoarysk meunster
deis en stjerren yn de nacht,
it komt op wrâld en himel del,
dy beide nimt er ierdsk yn acht.

* Foto ‘Canyonlands Naztional Park, Utah’

admin

Weromsjen

Keunst

fan Jacob Backer*

Hy hat it measte al ferlern,
lit him net jilde kwa ferskining
mei in folle holle, glêde hûd
sa’t hy dy hie as bern,
tsjintwurdich hat er ûnderfining.

As jonge hie hy krollich hier
en eagen dy’t de wrâld ferkenden,
alles like doe noch like goed,
syn langstme rikte fier
en heech, mar ’t wie as alles wende.

Sa rûn syn libben troch de tiid,
earst stadich, letter hieltyd rapper,
wylst hy stiver waard mei hân en foet,
syn wrâld waard minder wiid,
hy gie net faak mear nei de kapper.

Dochs hat hy ien ding net ferlern:
weromsjen nei in fier ferline
doe’t noch alles like like goed,
fan bern is hy noch fan,
dêr kin er him noch wol yn fine.

* Jacob Backer (1608/9-1651)
Skilderij ‘Profyl fan in âlde man’
Skilderij ‘Portret fan in jonge mei baret’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum