februari 1, 2024
fan William Turner*
De Swarte See lei yn it tsjuster
fan de Russyske autoriteit:
in float fan tachtich oarlochsskippen,
dy’t blokkearren kostber nôt,
dat barde lykwols juster.
Mar justerjûn is dat feroare,
want de swarte weagen ljochten op
fan fiifentritich oarlochsskippen
yn in steat fan fjoer en flam
fan achteren nei foaren.
Wat achter wie, komt hjoed nei foaren:
skippen farre fol de haven út
mei kostber nôt, Odessa ljochtet
goudgiel op, begroeven leit
de float… it is dy oare.
* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Begraffenis op see’
januari 31, 2024
fan ûnbekend*
Ezechiël
Hjir folget in gelikenis
foar ’t folk dat yn de bloedstêd
is, syn ûndergong is wis.
In pot mei fleis stiet op it fjoer
mei dêryn ek de bonken,
sa wurdt hjit it lêste foer.
De rotsen sitte ûnder ’t bloed
as teken foar de bloedstêd:
Babel bringt it folk yn noed.
De pot op ’t fjoer wurdt gloeiend read,
mar lit de rust net falle,
hinget yn deselde steat.
Wit no dat de gelikenis
fertelt oer pot as bloedstêd,
rust jout oan wat kweadwaan is.
* Foto ‘Pot op it fjoer’