Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Twasielige ienheid

Jereims


Berikt in bern troch in bedelte
yn it libben wol syn mem?
Hy stiet soms lang of koarter yn bestân,
benaud om ’t lykwicht kwyt te reitsjen…
rikt de mem him dan de hân?

De mem giet troch, sy kin it meitsje
om te soargjen sûnder him
foar ’t miel, dat elke dei op tafel stiet,
sa wurdt it bern fansels selsstannich
mei har each op hoe’t it giet.

Yndied, hy komt troch de bedelte
sûnder dat er holpen wurdt,
oan tafel sit er foar in streksum miel,
tegearre foarmje sy in ienheid,
wol mei elk in eigen siel.

admin

Opstân yn Warschau

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Wêrom steane minsken op
nei jierren ûnderoan te lizzen?
It swijen hat net langer sin,
sy ha noch wat te sizzen.

Poalen lieten harren út
oer Dútsers dy’t har ûnder leine
as minsken sûnder heger sin,
dy’t sy it stjoer ûntseine.

Stjoerleas lieten sy har net
troch Dútsers yn de djipte driuwe,
sy seagen yn de opstân sin
om sa harsels te bliuwen.

Warschau gie fol yn de striid
om fan de fijân ôf te kommen,
twa moannen hold de opstân stân,
mar ’t lot waard net ferromme.

Russen holpen Warschau net,
bleauwen fan de stêd op ôfstân,
wat easke ûnder ’t folk syn tol:
yn bloed ferrûn de opstân.

* Foto ‘Warschau, 1 augustus 1944’
** Foto ‘Monumint fan de opstân yn Warschau’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum