Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferfangende krúsdrager

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Op ’t ferkearde plak
wie ik, net op ’e goede tiid
kinst ek wol sizze,
dêrom waard ik pakt
út withoefolle folk…
ik moast it risse.

Trije wiene it,
allinnich koe ’k de balken sjen,
ien dy’t doe sakke,
folge troch in wurd,
it hie wat fan in flok…
ik moast it pakke.

’k Ha ’t wol oan de lea,
dat hat miskien de reden west,
wa sil it sizze?
’k Libbe, hy moast dea,
doch glimke hy nei my…
it koe net misse.

* Yllustraasje ‘Jezus en Simon út Cyrene’

admin

Admetos en Alkestis

Mytebylden

fan Frederic Leighton*

Admetos en Alkestis,
nei de dea wer man en frou,
sy naam it plak yn fan har man,
dy’t stjerre moast, hy kaam yn ’t nau.

Admetos,
foarst fan Pheres’ keninkryk,
Apollo hoede trou syn fee,
in god en freon foar him allyk.

Apollo
soarge foar Alkestis’ hân,
sadat sy waard Admetos’ frou,
de brulloftsfreugde hold gjin stân.

Artemis
moast it sûnder offer dwaan,
fergetten troch de brêgeman,
as straf soe sy him slangen jaan.

Slangen
as it teken fan syn dea,
behalve as in oar foar him
joech oan it deaderyk de lea.

Alkestis
wie oant yn de dea him trou,
mar koe nei ’t libbensryk werom,
sa waard sy wer Admetos’ frou.

* Frederic Leighton (1830-1896)
Skilderij ‘Hercules wrakselet mei de dea
om it lichem fan Alkestis’    

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum