Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Transformearre Guatapé

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Guatapé, it boeredoarpke
dêr’t wrotten waard foar it bestean
op fêste grûn rûnom,
de boer koe foar syn risping gean.

Guatapé waard transformearre
ta margebiet, net troch de boer,
mar troch in sterke earm:
in daam seach ’t wiete lânskip oer.

Sjoch de wetterkrêftsintrale,
gjin boer koe tsjin dy stroomkrêft oan,
hy miste fêste grûn,
dy gie net oer fan heit op soan.

Rûnom riist rekreaasje
op, boaten farre op ’e stream
fan nij is dizze tiid
en fier it sicht as yn in dream.

* Foto ‘Guatapé yn Colombia’


admin

Fjouwer profesijen

Bibelbylden

fan Gustave Doré*
Ezechiël

Der kamen wurden fan de Heare
dy’t op oare folken sloegen:
Ammoniten, Moäbiten,
Edomiten, Filistinen,
wurden dy’t fier droegen.

De folken hiene klapt
en mei de fuotten stampt
doe’t Israel ferachte waard
en Juda fierd yn ballingskip,
grut wie harren haat.

De wraak sil komme fan de Heare,
dy’t Him keart tsjin haters dieden:
Ammoniten, Moäbiten,
Edomiten, Filistinen,
sile foar har wille bliede.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Ezechiël’

 


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum