mei 2, 2024
fan Jan Kooistra*
De measte minsken woene ha:
der is in God dy’t liet it wetter
rinne nei de see en oseaan,
sadat it lân derboppe kaam,
der wie net better.
Dy minsken woene derop ta
dat God it griene altyd groeie
lit om elkenien genôch ta jaan,
sadat it komme sil ta lân
dêr’t minsken bloeie.
Der binne minsken dy’t net ha
it leauwe yn in griene ierde
dy’t oan elkenien te iten jout,
sy sjogge wetter op it lân,
gjin God dy’t skiede…
… kin see en oseaan fan ’t lân,
it binne minsken dy’t it rinne
litte, ’t is har lang net tafertroud
om maat te wurden mei ’t klimaat,
it bruit derhinne.
* Jan Kooistra (1950-2021)
Skilderij ‘Tredde dei fan de skepping’
Skilderij ‘Wetterweach’
mei 1, 2024
fan ûnbekend*
Ezechiël
As minskesoan bisto profeet
en as profeet ek wachter
dy’t it folk warskôget
as de fijân ’t lân oerfalt,
dan blaast er op ’e hoarn.
Asto as minskesoan by need
en tagelyk as wachter
net de hoarn lûd klinke
litst, dan wurdt it ek dyn dea
en giet it folk deroan.
Mar litst as wachter en profeet
it lûd fan need wol hearre
en wol ’t folk net harkje,
dan oerfalt dy net de dea,
mar giet it folk deroan.
Elk minske krijt in eigen kleed
te dragen yn it libben,
fan profeet of minske
dy’t de earen iepen hat
foar ’t klinken fan de hoarn.
* Yllustraasje ‘Hoarnblazer’