mei 4, 2024
fan ûnbekend*
Wês jûn twa minuten stil
om efkes ôf te wêzen
fan de praters op it skerm
dy’t har sjen en hearre litte
oer in algemiene term.
Wês jûn twa minuten stil
om nei it lûd te hearren
fan sirenes oer de stêd,
wer alarm foar Oekraïners,
ûnderweis of krekt op bêd.
Wês jûn twa minuten stil
om ’t gûlen op te heinen
fan de bern út Gaza wei,
dy’t al lang yn lijen sitte…
is foar har moarn wer in dei?
Wês jûn twa minuten stil
om nea wer ôf te wêzen
fan de rop fan Joad en sy
dy ’t foar de frijheid strieden…
nei acht swiere slaggen: swij!
* Foto ‘Flagge healstôk’
mei 3, 2024
fan ûnbekend*
It folk fan Azenhas do Mar
wist wis wol wêr’t it bouwe koe:
heech op ’e rots tichtby it wetter,
mei útsicht op ’e oseaan,
it wie in boppeslach.
Dêrboppe waarden molen boud,
dêr’t wyn de wjukken draaie liet,
mar boppedat it sâlte wetter,
dat krêft hie om dy slach te slaan
foar Azenhas do Mar.
De namme ‘Azenhas do Mar’
is ‘Wettermolen fan de see’,
mei wyn en wetter kin ’t net better
sa’n namme oan de stêd te jaan,
al wer in boppeslach.
* Foto ‘Azenhas do Mar’