oktober 6, 2018
fan Rembrandt*
Hoe soe it tafal wêze
dat ik in kenner moete ha
op reis nei Etiopië
nei’t ik yn Sion bidden hie…
’k wie yn Jesaja oan it lêzen.
It soe wol oan my lizze
as ien dy’t eins gjin man mear is,
in baan as skatbewarder hat,
jout oan de keninginne rie,
dat ’k tocht: soe hy my wol wat sizze?
Ynienen seach ’k him rinnen,
gjin tafal yn dat deadske gea
dat hy dêr as de kenner wie
dy’t antwurd op myn fragen hie,
want hoe soe ik Jesaja kenne?
Jesaja joech my hope,
want Jezus wie dat stille laam
dat alle minsken rêden hat,
omdat it nei de slachtbank gie…
ik liet my troch Filippus dope.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De doop fan de eunuch’
oktober 5, 2018
fan Friedrich Gunkel*
Doe’t Germanen Rome rekken,
bloeiden troch de tiid ek myten op
op grûn fan ’t Teutoboargerwâld,
fier rikte de oerwinningsrop…
mar de krânse fan Arminius soe brekke.
Tusken Rome en Germanen:
mei Arminius gie ’t op en del
oant Rome taaste oan syn wrâld
fan Teutoboarger, fûl en skel
klonk it roppen: ‘Harren macht sil troch ús tane!’
Tane soe troch strideraasje
eigen rom, Arminius ferlear
de frou dy’t him de krânse joech,
as Teutoboarger ek de ear…
fan Tibearius, de keizer,kriich er graasje.
Striid hat laat ta mear as myte,
want de held syn dea wie stjerrend wier,
in delslach yn syn eigen krite.
* Friedrich Gunkel (1819-1876)
Skilderij ‘Hermannsschlacht’