mei 6, 2024
Der wiene noch gjin drones
dy’t bommen falle litte
dat gjin stien mear sitten bliuwt,
wat minskehannen meitsje,
komt mei ien klap del,
mar sy ha doe wol switten.
Swier is in monolyt,
noch swierder as de bommen
dy’t ferniele alles wat
de minskehannen meitsje,
dy’t losreitsje fan
de lichems dy’t delkomme.
De lichems fan de lju
dy’t krom stien ha fan ’t lûken
oan de swiere monolyt,
ha troch de tiden hinne
libje litten wat
der skreaun is yn de boeken.
mei 5, 2024
fan ûnbekend*
Lit de wrâld net hjitter wurde
troch it fjoer dat út ’e loop
fan stielen wapens komt,
sa is de tastân hjoed de dei…
hoe wie it juster?
Juster bleau it noch by wurden:
NAVO tsjin it Warschaupact,
de oarloch wie doe kâld
as iis, de frijheid wif en faai…
is ’t moarn dan better?
Moarn sil Frijheid wisser wurde
fan it antwurd op ’e fraach
hoe’t elk him wapenet
tsjin wurden dy ’t ferflokke ’t rjocht
op eigen miening.
* Foto ‘Nederlânske flagge’