oktober 12, 2018
fan François-André Vincent*
Sy wie de frou fan Paetus, generaal
yn tsjinst fan keizer Claudius,
dy’t oprôp fûl ferset…
it waard op ’t lêst in tryst ferhaal.
De generaal naam ’t tsjin de keizer op,
in opstân tsjin ’t gesach en dus
ferbean troch wil en wet…
it rûn op ’t lêst út op in strop.
Want Paetus moast fertelle oan syn folk
’t befel fan keizer Claudius:
de dea komt nea te let,
wurdt nûge mei dyn eigen dolk.
Doe kaam de frou fan Paetus, Arria,
en stiek harsels, foar him model:
‘Sjoch my, it docht net sear!’
Hy naam de dolk en sloech fûl ta.
* François-André Vincent (1746-1816)
Skilderij ‘Arria en Paetus’
oktober 11, 2018
fan Samuel Jakolevitsj Adlivankin*
Se stean model foar elk gelyk
yn ’t blau, de eachopslach omheech;
de takomst fan de Sovjet-Uny
tsjinnet wrâldwiid fan replyk…
… de jeugd dy’t noch net bouwe kin
modellen foar in nije tiid:
de ienheid ûnder stielen wjukken,
wat oan ’t fleanen is te sjen.
Se draaie de propellers rûn,
want rûnom flammet op de striid
om yn it westen troch te drukken,
Stalin hat it sein al jûn.
Mei beide fuotten op ’t beton
en ’t each op hoe’t it fierder giet,
sweeft elk gelyk nei ’t wiffe westen…
har bestimming is spion.
* Samuel Jakolevitsj Adlivankin (1897-1966)
Skilderij ‘De wedstriid fan jonge modelbouwers’