mei 10, 2024
fan ûnbekend*
Ponte dei Salti,
brêge om te springen,
namme om derfoar te gean:
in dûk yn ’t wetter fan smaragd
of leaver sweve as in earn.
Ponte dei Salti
mei de heale ringen,
mear as trijehûndert jier
al âld, foar Switserlân in pracht,
is net allinnich foar de sier.
Ponte dei Salti
om lju oer te bringen
boppe wetter suver grien,
dat lûkt de springer yn syn jacht
op rom, it leafste nûmer ien.
* Foto ‘Ponte dei Salti yn Switserlân’
mei 9, 2024
fan Aleksandr Aleksandrovitsj Deineka*
Hoe fielt it folk him yn in tiid
fan spanning op it slachfjild ,
dêr’t bloed floeit foar it heitelân,
dat like read is as de flagge,
twa symboalen yn de striid,
it tredde is in koer fol apels.
Want Ruslân lit it bêste sjen:
de sege op it slachfjild,
al is dat net op wiere grûn,
want leagens kraaie de fiktoarje;
dat de fijân it ferlern
hat, is te sjen oan reade apels.
De mem en dochter sjogge op
fan tanks op wei nei ’t slachfjild,
al is it ploegjen noch net klear,
sy ha fertrouwen dat it klear komt,
want op grûn fan mannich rop
yt Ruslân hjoed wer swiete apels.
* Aleksandr Aleksandrovitsj Deineka (1899-1969)
Skilderij ‘It folk yn de Grutte Heitelânske oarloch’