mei 27, 2019
Blau-wyt wie er ynpakt,
it swarte bistke yn de tas,
it ljocht koe krekt net by him komme,
lykas wist it: ’t jout gjin pas,
it tsjuster hat it foartou nommen.
Donker wie syn takomst,
mar net fanwege ’t swarte skiep,
syn poaten koene him net drage,
lizzend foel er dan yn sliep,
syn nacht wie langer as tsien dagen.
Oantaast yn de harsens
gie ’t lamke mei de frou op reis,
de earste, ek de alderlêste;
yn it blau-wyt ûnderweis
wie foar dy beide dochs it bêste.
mei 26, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Yn Skotlân waard er berne,
jonkje ûnder wurkers, sljocht en rjocht,
de earmoed wie syn diel,
hy foer al dreamend nei Amearika,
de werklikheid moast wenne.
Earst wiene ’t telegrammen
dy’t er rûnom nei de minsken brocht,
de opgong waard syn diel:
in dream fan stiel, dy woed er libjend ha…
Carnegie wie syn namme.
Mei stiel gjin oarloch fiere,
mar oan frede bouwe, wie syn doel:
’t paleis kaam yn De Haach;
it kapitaal út stiel liet dreamen ta:
de wrâld nei frede liede.
De frede wurdt net berne
út ’e oarlochsmem, dy’t gjin gefoel
hat foar in lêste fraach:
sil Noard-Koréa of Amearika
noch stielhurd ’t rjocht ûntkenne?
* Foto ‘Andrew Carnegie’
** Foto ‘It Fredespaleis’