mei 31, 2019
fan Gustave Klimt*
Har heit, Akrisios fan Argos,
woe net ha dat Danaë waard swier
fan wa dan ek;
in toer fan izer sûnder sier
wie har ferbliuw… nea los fan Argos?
Mar Zeus kaam by har wylst it reinde,
troch dy gouden rein waard sy doe swier,
sa koe it ek;
god sels en Danaë, ’t wie wier
dat sy allinnich ’t berntsje heinde.
Sy kamen beide yn in kiste
troch Akrisios, lykas in dier:
de heit as gek;
in fisker kaam doe fluch yn ’t spier,
seach mem en soantsje net as bisten.
* Gustave Klimt (1862-1918)
Skilderij ‘Danaë’
mei 30, 2019
fan Fritz von Uhde*
Oan har is ’t measte wyt,
wat wiist op wat har takomst wurdt:
in troujurk foar ien dei, dêrnei
as mem sân dagen binnendoar,
sjoch hoe’t it swarte by it wite stiet,
dêr bist no ienkear famke foar.
Mar ien kear bisto bern,
dat hat mem hûndert kear al sein;
har fraach – hoe faak bist frou dêrnei –
krijt sy net ien kear antwurd op;
wol hûndert plaatsjes mei se hjoed besjen,
sy is fan heit in leave pop.
Op ’t lêste plaatsje stiet
in âlde beppe yn it swart,
it is gjin jurk foar mar ien dei,
dêr binne âlde klean net foar,
sjoch no ris nei de mûtse, dy is wyt…
trout beppe nochris mei… in oar?
* Fritz von Uhde (1848-1911)
Skilderij ‘It plaatsjeboek’
Skilderij ‘Alde frou mei krúk’