Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Albert Berry’s driuw

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Hingjend tusken wolk en ierde,
stadich fallend ûnder doek,
fernimt men de sensaasje
fan it sweven op termyk;
oan earn en falk gelyk
sil men de earmen spriede.

Albert Berry hat fernommen
wat him dreau de hichte yn:
it útsicht op prestaasje,
earste, oan gjinien gelyk,
tichtby it himelryk
en swevend ûnderkomme.

Fûgels kinne hingjen bliuwe
op termyk, dreaun troch de wyn;
de minske komt mei graasje
swevend op de ierde del…
de earste bliuwt yn tel,
lit him op eare driuwe.

* Foto ‘Albert Berry’

admin

Brief oan de Korintiërs 8

Bibelbylden

fan  ûnbekend

Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.

Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.

Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.

De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.

De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwe ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.

Oan profetearjen komt in ein,
de talen reitsje stom,
want alles is dan alris sein,
mar leafde komt werom.

No is de kennis ûnfolslein,
wa wit wat barre sil?
De folheid is oan ús foarsein,
de wittenskip wurdt stil.

Doe’t ik noch boarte as in bern,
tocht ik net oan wat wurdt,
mar no kin ’k folle fierder sjen,
it bernlike is fuort.

Dochs sjoch ik alles noch net klear,
myn spegel is beslein,
mar ienris is gjin dize mear,
dan kenne wy folslein.

De hoop is yn ferfolling gien
dat leauwe hat berikt
dat leafde stiet op nûmer ien,
foar minsken sa beskikt.

Yllustraasje ‘Leauwe, hope en leafde’

 

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum