Wat is der mei de want
dy’t op ‘e beamstam leit?
Wol harkje wat er seit,
dan sjochst de oare kant.
Hy loek de fingers oan,
de tomme kaam it lêst,
en spriek op sêfte toan:
‘No hasto ivich rêst.’
Doe draaide hy him om
en stoarre nei de sleat,
it rêsthôf eage rom,
hy wie ta stilte keard.
It wetter spatte op,
in drip kaam op my del
as lêste fûle klop,
doe song de hôfkapel.
Fan libben en fan dea
en fan de oare kant,
ik heakke ta myn bea,
want wie ik net syn want?
No bin ik monumint
mei de kapel yn sicht
en wa’t foarby my rint,
fertel ik fan myn plicht.
|