Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wachtsje op it bern

Lyrysk Deiboek

fan Jan Abrahamsz. van Beerstraaten*

Gjin iis leit yn de grêft
of snie op ’t dak fan de Martini,
gjin wjukken swaaie ’t wolkom ta
oan wa’t noch berne wurde moat,
de wrâld is hurd yn plak fan sêft.

Gjin ingel yn de loft,
it liet fan frede sil net klinke,
gjin hoeder mei syn keppel skiep
foar wa’t noch berne wurde moat,
it wachtsjen duorret al sa’n skoft.

Gjin klinkende trompet
heech fan de toer fan de Martini,
dy’t wjukken oan it minskdom jout
noch foar’t de berte plak fûn hat
of komt it bern koartsein te let?

Gjin inkeld sjongend koar
oer wolbehagen op ’e strjitte
foar minsken achter dûbel glês
mei langstme nei it talmjend bern,
dat yn de memmeskurte stoar.

* Jan Abrahamsz. van Beerstraaten (1622-1666)
Skilderij ‘Martinitsjerke yn Snits’




Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum