Men koe it út ‘e fierte amper sjen 
wat lei te wachtsjen oan de promenade, 
tichterby ferriisden inkeld bylden, 
want mei imitaasje gie gjinien ferlern 
by Noachs arke noch op rûte oan de kade. 
De arke dreau, de rûte gie oer iis, 
twa wrâlden dy’t elkoar snein efkes rekken, 
beide fol fan dramatyk yn bylden, 
kleurich op ‘e rûte, om de arke griis, 
strang skieden troch in lange rige reade stekken. 
  
Wa wit hat klonken dizze snein de bea 
dat werklikheid ferfangt de imitaasje 
op ‘e rûte fan de alve stêden, 
dat lykwols de arke-imitaasje nea 
op hege weagen skommelet, Leave Hear, ha graasje. 
 
  |