Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Troch de nacht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
woansdei 13 july 2005

Nei de nacht ta
kleuret de sinne
streken yn, lutsen troch
fleanende pylken,
sulver op blau,
fol mei meigeand folk,
rjochting Skiphol,
folk dat tinkt sa
oerenlang te winnen
fan de tiid dy’t
ûnder har leit,
mar as de streken
earst ta in rôze wolk
útdijd binne,
dy’t stadichoan weiglydt
yn de ivichheid
fan de stjerrenacht,
stiet it oankommen folk
by de rinnende bân,
ûnder it felle ljocht,
oerenlang te ferliezen
fan de tiid yn it lân
fan de bliuwende Friezen,
dy’t mei eagen as spegels
stjerren besykje te
hifkjen en heinen,
harkjend nei de fljocht
fan folgjend meigeand folk,
inkeld fleanend ljocht,
rjochting Skiphol,
folk dat tinkt…

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum