Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Trieljocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik rûn der al sa faak tsjinoan
– de daktrie fan de fûgelhut –
fertize yn in fêst patroan,
it izer wie my spikerhurd.

Image

De nacht beweefde drippen yn
it spinreach foar de iere moarn
om te bewegen op ‘e wyn,
ik rekke ’t rikkend fluch noch oan.

Image

Ik seach it spul fan drippen mei
rjocht trieljocht, lûdleas brekkend yn
in kleureskyntme dy’t dêrnei
ferglied yn kleare sinneskyn.

Image 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum