It soe de takomst wurde,
wol op grûn fan it ferline
mei midsieuske huzebou
dêr’t rike ridders mei de frou
en bern har plakje fine.
Wol enerzjyk mei wurden,
want dy kinne ridders bine
oan in nije Fryske mar,
út withoefolle weagen kar,
it waait mei alle winen.
De krisis liet ferwurde
wat op grûn fan it ferline
yn de heine takomst lei:
foar ’t poarteslot in gouden kaai,
mar dy is net te finen.
No komme dêr de ridders
fan de flecht yn fearrepakken,
grif op grûn fan ’t earste rjocht
op ’t plakje dat oan tele docht,
foar har is dat fier gakke.
|