Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Striid om weachmacht*

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
fan Jan Abrahamsz. Beerstraten**

Image

De steat dy’t see en oseaan befoer
foar hannel om it grutte jild,
lei oare lannen op syn wil
en hie dêr striid en bloed foar oer.

Foar Ingelân wie it in stek yn ’t each
hoe’t yn syn spoar de Republyk
de wrâld befoer en waard skatryk…
wa hie de macht oer elke weach?

Ut beide lannen foer in sterke float
mei Tromp en Monk as admiraal,
se praten mei kanonnetaal,
Ter Heijde waard in oarlochsoard.

Skip ‘Brederode’ kriich de folle laach,
dat Tromp ferdronk yn ’t eigen bloed
en Monk berôp him op syn moed,
wa’t weachmacht kriich, wie noch de fraach.

Image

* Earste Ingelske oarloch (1652-1654)

** Jan Abrahamsz. Beerstraten (1622-1666)
Skilderij ‘Slach by Ter Heijde’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum