It is syn wrâld fan gers en reid
en hjir en dêr strewellen,
dat gjinien dy’t him dit gea ûntseit,
dochs past er op syn tellen.
Der binne machten fan komsa
dy’t hiel wat te fertellen
ha, mar sterker noch, sy bite ta
om sa it lok te stellen.

Hy sjocht en telt, it binne twa,
gjinien sil ’t hâlde kinne
tsjin de blaffers fan ‘wy komme sa
en gean oer grinzen hinne’.
Der bliuwt foar him mar ien ding oer:
troch ’t eigen gea mei faasje
flechtsje, dan ferskûlje yn syn foer,
gjin better kamûflaazje. |