|   Foldien sit hy op ’t strân,de mage fol mei grom;
 wat fiskers fuortdien ha,
 kriich hy út earste hân
 yn ’t krop, dêr kaam er om
 en koed er bêst mei ta.
 It strân is foar syn nocht,dus baait er yn de see
 en tagelyk yn ’t ljocht.
 
 Mar sy ha noch gjin kar:as swarten op it wyt
 moat elk mei minder ta,
 want ticht leit noch it far,
 hoewol’t de snie al slyt…
 it griene lokket sa.
 
 |