As it ûnferstân stapt op ‘e fyts
en dronken op syn fuotten stiet,
de kriën krasse deadewacht,
dan is it iepen fjild te lyts
foar libben dat no net mear giet:
dêr leit it offer fan de slacht…
… gjin plak mear yn de keale beam
dy’t skean fan stam net langer stiet
as dizze alderlêste nacht.
|