Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Seven-up ballade

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De roeiboat leit yn ’t sleatsje
oan ‘e ein, tichtby de dyk,
mei foar de boech in flesse
seven-up, heal yn it slyk,
sa út in bernebledsje.

Image

’t Ferhaal giet oer in jonkje
bûtenbern, in jier of sân,
miskien hjit er wol Jesse,
komt er út it klompelân
fan stadichoan, sa’n gonkje.

Dy Jesse brûkt syn klompen
hiel oars as de measte bern
dy’t inkeld deryn rinne,
mar it is him oan te sjen
dat hy se útdocht om te…

…  betinken hoe te farren
mei de boat it sleatsje út
en wêr sil hy dan hinne,
west of east of noard of súd,
de flesse wiist de marren.

Image

Hy makket yn sân hasten
in mêst foar seil en fok,
mar hoe kin hy dy meitsje
sûnder gatten yn de sok,
wat jaget mem op kosten.

Gjin sok, gjin túch, wol riemen,
spierballen as kabeltou
om fierderop te reitsjen,
earst nei Gau en dan nei Grou,
de flesse wiist de kimen.

Image

Us Jesse, wurch fan ’t roeien,
fantasearret fierderop:
hy wol wol skipper wêze
op in skûtsje, sylt op kop
en skraal om alle boeien.

Mar fjirtjin dagen sile
fynt de flesse grif net goed,
hy sil it briefke lêze:
‘Jesse, sit mar net yn noed,
do silst dy stjoerman fiele.’

Sa triuwt ús feintsje Jesse
bakken fan wa wit hoe grut
dy’t net yn ’t sleatsje passe,
dat wa hat it lêste wurd?
De flesse seven-up.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum