Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rinkons graasjepaad

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Rinkon, it âldste wenplak fan Bonaire,
dêr’t de slaaf syn klintsje stie
en yn it sâlt syn krús te dragen hie,
wa wol noch fan dat doarpke hearre?

Fan Betlehem ha sy yn Rinkon witten,
slaven wyt fan bitend sâlt,
wa’t yn de krêbe lei, wie har behâld,
ferkuolling ûnder ’t streamend switten.

Image

Kultuer is ’t wurden, sels noch nei in moanne
hingje keunstich yn in beam
de bollen fan in ieuwenâlde dream,
mar kraait dêrnei noch wol in hoanne?

Fan Golgota ha sy yn Rinkon witten,
slaven wyt fan bitend sâlt,
de beide krusen lieten har net kâld,
de lijenswei wie net te mjitten.

Noch hingje yn it godshûs fjirtjin staasjes,
bylden fan ien lijenswei,
dy’t foar de slaven as in foar-byld lei,
in sljocht en feestlik paad fan graasje.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum