De muorren binne keal,
de toer is út it sicht,
de klokken hingje stil
en sille net mear liede;
de yngong eaget keal,
de spikers sette ticht,
dit alles nei de wil:
gjin wurden, wol de dieden.
Wat hat dy fisk foar sin?
Gjin wurd oer hoe’t er swimt
of út it wetter springt,
want lit him no mar stikke;
de yngong eaget min,
gjin spiler dy’t dat nimt
en dy’t de bal dêr bringt,
gjin wurd mear om te kikken.
De himel is ’t domein
fan streken yn de kleur
dêr’t alles wol om draait:
de leafde foar oranje;
god as begjin en ein,
wa’t oars seit, is in seur,
de geast dy’t ivich waait,
treft doel mei fromme franje.
|