It sulver siert de iere moarn,
as út ‘e fierte dreunt it leger
op ‘e frjemdling oan.
Oerdwealske pubers, bûnt en bleat,
ferbalje ein en blauwe reager
út ‘e swettesleat.
De frijheid stjit dêr op ‘e grins
fan oant safier, in flinke bolle
bliuwt noch efkes wins.
Se stoarje nei de fotograaf
– wat soe dy digitaal no wolle –
bûge dêrnei braaf.
En as de man dan fierder rint,
begjint de greide wer te dreunen,
want de wyldens wint.
De fierte lit it melkfee sjen,
te hearren is it kleiend kreunen:
‘Pubers, bliuw noch bern!’
De skientme fan de sulverkroan
sprekt heechop fan it jonge libben
yn de iere moarn.
|