Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op djipte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Nea djipper seach er as de line
dêr’t hy de fisk mei fong,
net op syn âlde dei
doe’t hy syn libbenstiid besong,
in liet oer see, dy rûze mei,
bekend mei syn ferline.

Nea djipper bûgde hy by ’t roeien
as om de gong deryn
te krijen, want de moarn
wie koart en sterk wie faak de wyn;
hy song syn liet op djippe toan,
de see seach him wer bloeien.

Hy hoegde him net djip te bûgen,
hoewol… syn boat wie lek
en moast wer droech foar moarn,
neat wie de fisker hjoed noch brek:
de boat syn troan, de fangst syn kroan,
hy hie syn djipte woegen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum