Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oare tiden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De Davidstjer, seis siden,
fûnemint fan ’t joadske folk,
ferwizing nei de himel;
ik rin der hjoed net oan foarby,
want dit gehiel wurdt my ta tolk
fan oare tiden.

Ik sjoch de steapel tûken
brânen, byld út earder tiid:
twa hellen: gas en jiske;
ik rin der hjoed net oan foarby,
fiel mar ien side fan de striid,
hoe’t siken stûkje.

Ik sjoch de stjer ferrizen
tusken tûken sûnder blêd,
it stiel begjint te glânzjen;
ik rin der hjoed net oan foarby,
ferbyldzje my de fredesstêd,
in wrâld fan wizen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum