|   It leit yn ’t lege geadêr’t grien gjin grinzen ken,
 sa oer de sleatten springt;
 it liket as it winkt,
 in mem mei ’t lytse bern,
 sa suver op ‘e lea.
 Hoe hat it eartiids westyn ’t kreakjen fan de tiid
 en ’t klomjen yn de jûn?
 Sy wie oan ’t libben bûn
 fan man en bern, yn striid
 behurde oant it lêst.
 De notiid hat de grinsferlein nei ’t einstasjon
 en op ‘e wâl by ’t dok
 ferriist it lêste lok,
 de hichten fan beton,
 dêryn noch efkes lins.
 
 |