Hy leit ferware oan de wâl 
en hat syn part wol hân 
fan stoarm en floed de winter troch, 
dochs hold er moedich stân, 
wol skean, mar sjoch, hy libbet noch. 
De sinne stekt him op it blau, 
de kleur dêr’t hy foar giet, 
as swalker ûnder seil en fok 
sjongt hy syn silersliet, 
wol skean, mar dat is syn gelok. 
Hy leit te blinken oan de kaai 
en hat syn lûken ticht 
foar stoarm en floed de winter troch, 
it showen is syn plicht, 
rjochtop, en fierder is ’t omdoch. 
 
  |