Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Motormantsje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy woe wol mar hy mocht noch net,
te lyts foar fol yn ’t libben stean,
lit stean om hegerop te gean,
dus dan mei ien foet op in autopet.

It mantsje smiet it yn syn pet
en fol mei regels liet er dy
as teken fan de tiranny
fersinke want hy hie syn eigen wet.

Dy wet lei yn de motorsfear
dêr’t hy mei technysk yntellekt
in koppeling yn lei en krekt
dy link brocht yn syn lyts bestean in kear.

Image

Noch ien kear seach er achterom
dêr’t al wat fol en woeksen wie
mei lege kop en hannen stie,
yn hege motorsfearen oaljedom.

It mantsje meat it oaljepeil
en kipe nei de sinnebol
mei pylk dy’t seach him oan foar fol
en wiisde klear de wei omheech en steil.

De transformaasje yn de sfear
fan hegerop nei earst in uk
ferrûn mei sturt en dûbelwjuk
op eigen krêft en no gjin mantsje mear.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum