februari 19, 2024
Hoewol’t er wyt fan foaren is,
jout hy de foarkar oan in mantel
dêr’t de kleur fan goed past by syn aard
en boppedat by ’t wetter…
hjir sjocht in miuw ’t faak donker yn.
Yn Porto sit in miuw net mei
de kar foar in bepaalde mantel:
by wat ljochter kleuren hat er baat
sa boppe ’t blauwe wetter…
dêr sjocht in miuw it helder yn.
Wat wis is yn de hiele wrâld,
fan Porto oan de Lytse Potten
ta, is foarkar foar in grut ferskaat
oan miuwen en oan minsken…
de wiisheid sjocht dat foardiel yn.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024