Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fal fan Tyrus

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Tyrus, rots hasto as namme,
op in eilân leist, grutsk yn de see,
mei sterke muorren, hege tuorren,
troch dyn hannel waardsto ryk
en stiest bekend as feilich stee.

Tyrus, do hast dy net skamme
foar dyn grutspraak oer Jeruzalem,
woest nei de fal gean troch de poarte
fan dy stêd en wiest allyk
in rôver, ’t bern naamst fan de mem.

Tyrus, do wurdst as in keale
rots sa middenyn de wylde see,
dyn sterke muorren, hege tuorren
wurde pún en wei yn slyk,
it net wurdt drûge op sa’n stee.

Alle lannen fan de seekant
sille trilje fan dyn ûndergong,
de stêd dêr’t bern earst feilich boarten,
is net mear oan doe gelyk,
de rots dêr’t elk de lof fan song.

* Foto ‘It ferfallen Tyrus’


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum