|   Ik fiel de frijheid fan de fierte,tink hjir bin ik bern oan hûs
 en kin it frijút fleane litte
 lykas Niels fier op syn goes.
 Hy hoecht de fierte net te mjitten,sjocht it doarp yn boartersljocht
 en mei de namme Tirns ferjitte
 as syn goes mar fierder fljocht.
 Hoe kin ik frijút fierder fleaneas de swierte oan my skuort
 fan muontsen dy’t noch altyd meane
 Thabors gers en sûnden fuort?
 
 |