De earrebarre is werom,
in flecht út fier Malawi,
oer in donker Afrika,
klepte hy: ‘Ik kom!”
Syn wurkjen dêr wie sûnder rom:
nei ’t bringen fan in baby
oan it keale kreambêd ta,
koed er gau werom.
Hy waard net noege foar in feest,
de reden koed er witte:
dêr yn donker Afrika
hearsket kening Aids.
Doe is it bist nei ’t noarden raced,
hy koed er net mei sitte,
yn Europa, woed er ha,
wie in oare geast.
De earrebarre hat it brocht,
sa hingjend yn it finster,
ta maskotte fan komsa,
feestjend om ‘e nocht.
|