Nei in wiete rite kaam de hjitte
mei in lichte trilling boppe ’t grien,
liet yn in wike ’t wyld opsjitte,
sa ferrint it libben foar de ien.
Foar de oar is ’t leave libben dien,
hy kin der langer net mei sitte,
leit yn ’t tsjuster ûnder grûn en stien,
moat boppe him ’t gewurde litte.
Boppe rinne alle paden rjocht
as leave teksten op ‘e stiennen,
steane reade roazen yn it ljocht
fan ’t libben en de hjitte sinne.
Yn de hjitte wie hy dêr allinne
oan it meanen, mar hie skjin syn nocht,
liet libje, lei it ark derhinne,
hat net langer oan de deaden tocht.
|