Alles wiisde nei de hichte,
dynamyk wie it paroal,
de hannel sprong oer hiel de ierde,
wa’t net meigong, rekke yn ’t rioel,
de lange polsstôk wie ferplichte.
Krieën koene dat net snappe,
fûnen ’t spul mar apekoal,
want op ’t kritike punt wie ’t hingjen,
hie de springer oer syn sprong gjin doel,
sa’n krisis wie net te behappen.
‘No ha wy dochs wol de hichte,’
spriek de iene ’t wize wurd.
‘Straks donderet hy plat op ‘e ierde!’
rôp de oare rûch fan bek oant sturt
en saaide sels rap nei de lichte.
|