De weagen skine der trochhinne,
knypeach nei de eigen keunst
as blêdstruktuer belein mei sâlt,
de see brocht ’t wurk as golle geunst,
mar ’t minskdom woe ’t net kenne.
It folk lei leaver yn de hichte,
sinnebaaiend op it dek
mei as struktuer it cruise-bewâld
en útsicht op… wat wie it ek?
Foar ’t palmblêd nei de lichte.
It palmblêd is ek om te swaaien
as Hy op in ezel rydt
mei útsicht oer de hiele wrâld,
de keunst is giel, it sâlt is wyt,
’t moat op Bonaire meie.
|