|   Se rûn al nei de njoggentich,in heks en ingel tagelyk
 en troch de jierren in ikoan;
 hoewol’t se rûn wat wif en bryk,
 siet sy noch altyd op deselde troan.
 
 Se makke foar it wijen klearit Wurd, it wetter en de kwast
 foar Jezus Kristus, har ikoan;
 se hie Him sjoen foar rút en kast
 mei bleate holle sûnder strielekroan.
 De wurden spriek se justjes brykfan ‘nei ús wurd fan lof en ear
 wol seine jaan oan de ikoan’;
 en Kristus seach: de lêste kear
 miskien, dan sjongt se op in oare toan.
 
 |