Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Iere oaljefant

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie in hjerstmoarn en noch tsjuster,
mar gewoante brocht my op ‘en paad
troch ’t lânskip fan de Grienedyk,
in healjier lang myn hege maat,
dy’t klonk: ‘Do rekkest my net bjuster.’

’t Wie wier, ik stapte troch de bochten
mei it each op ’t easten, dêr’t de kym
al kleure oan it bloed allyk,
it wie as in gedicht op rym,
dat klonk: ‘Wat sjochst tsjin al dy ljochten?’

It Galgelân lei yn de fierte
as sinister oard foar moardners lot,
lang swaaide op ‘e wyn syn lyk,
ik seach lykwols tsjin ’t ljocht net wat
doe klonk: ‘Lit hjoed de galge sjitte.’

’t Wie wier, ik moast net nei ’t ferline,
mar it sykje yn de fauna, want
soks paste by de Grienedyk,
ynienen seach ‘k in oaljefant,
dy’t klonk: ‘Sels hjir kinsto my fine.’

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum