|   It byld wie net sa fleurichdoe’t ik by de greide kaam
 en trije hynders seach:
 twa brune mei it each
 op ’t swarte, wat ik naam
 as earnst, dus ’t stimde treurich.
 It wie diskriminaasje,brún tsjin swart, sa tocht ik earst:
 in raam en yn in tel
 gie ’t swarte fel al del,
 lykwols die noch it searst
 it spul fan ’t brune naasje.
 It stie sabeare treurichen hold as maten deadewacht
 mei trije sturten del,
 noch fan de klappen kjel,
 mar wit hoe’t earnst beslacht:
 se fjouweren wer fleurich.
 |