|   Wat frege earder om hâldfêst,hat fûn in feilich ûnderdak;
 de leechte lokket net nei ’t plak
 dat tusken peallen bylke bêst.
 De peallen ha de rospeal westfoar skippers dizich oan it roer,
 mar ’t simmershowen is no oer,
 de dize soarget foar de rest.
 Wat oerbliuwt is it wetterflak,de spegel fan it wâlpublyk
 dat werjout hjoed syn eigen ryk
 fan ’t hiele jier troch ûnderdak.
 Mar fierderop leit yn de rêstin skip dat boppe leechtes riist,
 fol nostalgy de hichte wiist
 dêr’t triedden fine har hâldfêst.
 
 |