Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Folweardich

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De beammen bliuwe op in rige stean,
dy’t blêden krije en de keale,
want de lêste sil net gau fergean,
al is hy no noch mar in heale.

De touter tusken rige en gebou
is boud fan fjouwer smelle stammen,
sterk foar slingerbern oan dûbeltou,
de swakken mei in stimpelnamme.

Dêrachter leit it âlde al yn pún,
mar sil it nije heger rize,
bliuwend is foar ’t bern de boarterstún,
in sjongend paad op âlde wize.

De beammen bliuwe op in rige stean,
dy’t blêden krije en de keale,
achteroan komt elk nij yn de klean,
gjin sprake fan in feale heale.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum