Wat stil leit, hat neat helle,
bringt gjin fangst fan see nei wâl,
’t bliuwt stil, wat ha se te fertellen?
As ’t lân bout stielhurd yn it grut,
de steven riist heech boppe see,
slacht weagen spattend stikken,
dan ferfart it skip fan stee nei stee,
it meartal hat it grutste nut.
Wat leech is, kin neat biede,
bringt de krisis weach op weach,
it wachtsjen is op better tiden.
Elia hat de fierte sjoen,
it sulver op ‘e blauwe see,
hy wol de kust berikke
mei in mieltsje fisk, foar him okay,
’t ferhaal is as in fizioen.
|