Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Feroarjend byld

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It spriek my oan, it neakenmannebyld
mei boppe him as skûl it dak
by ’t Skûlplak foar de âlderein,
dy’t witte hoe’t it skûljen fielt:
de lêste oere hat hast slein.

Ik seach him op ‘e stoepe as in byld
dat amper thús te bringen wie,
in rûnte, donker as de hjerst,
hoewol’t de maitiid dielde myld
de jeften út, de kjeld hie west.

Image

Hy wie noch jong, siet al yn ’t fearrepak
mei hjir en dêr in tûfke dûns,
krekt op ‘e grins fan ljocht en skaad,
hy like dea op syn gemak
dêr samar op it minskepaad.

Ik loek it byld doe hoeden tichterby,
dat sichtber waard it sliepeachflues
en hold de hannen boppe him:
it âlde mannebyld waard nij,
it spriek my oan mei jonge stim.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum