Hy wie noch jong, sân moannen âld,
in puber en noch net kastrearre,
mar gjin meunster, al betûft yn seks,
lykwols it lei him lang net kâld
hoe oft de wrâld him oppenearre
fan begjin oant eks.
Nijsgjirrich nei de stille wei
dy’t sûnder auto’s feilich like,
poate ’t boarke midden op ‘e dyk,
de sturt omheech dy’t frege nei
in poeske dat der wol op like,
oan himsels gelyk.
Hy kaam derachter mar te let
dat stille wegen djippe grûnen
ha, noch djipper as syn puberseks;
wat wist it boarke fan de wet
fan swiertekrêft en tunnelrûnten
fan begjin nei eks.
|